Dit is de rein op in leeftyd - Leeuwarden City of Literature

Tekst & yllustraasje: Meliza de Vries | Oersetting: Tsead Bruinja & Martsje de Jong

Dit is de rein op in leeftyd 
datst dweiltrochwiet bist
alles sa tichtby is omdat it himd
dy oan ’e hûd kleeft
dyn bêste freon, skoalplein, gersfjild
it draakje yn `e bjirk om `e hoeke binne.

Dit is de rein op in leeftyd
dat it hier dy oan it antlit plakt
do omheech sjen bliuwst omdatst groeie wolst
net lije wolst 
ûnder it tsjinoerstelde.

Dit is de rein op in leeftyd
datst hieltyd de paraplu ferjitst
diploma’s út ’e bûse fiskest
wylst jim mem freget
oftst wat fergetten bist
en do tinkst de rein. 

Meliza de Vries is berne op Sri Lanka en opgroeid yn Drachten. Se ferbynt poëzy en yllustraasjes mei maatskiplike ûnderwerpen. Meliza stie yn de jierfinale fan Festina Lente en toerde mei de Poëziebus troch Nederlân en België. Yn 2021 waard se útroppen ta winner fan de AMAI Award foar it bêste gedicht op Instagram. Yn de sjuery sieten û.o. Tsead Bruinja en Kila van der Starre.