Gedicht: Wêr bisto no echt?

ast in amerij stilhâldst reizger 
kinst in núnderjen hearre miskien wol
dyn eigen bosk ferlegen
om in ear, hannen op de bast
op azem

Edwin de Groot

Oer de bank

Machiel Braaksma: “Al filosovearjend en kuierjend mei skriuwer Edwin de Groot ûntstie it konsept foar dizze literêre bank. Wy rûnen troch de bosk en – foar myn gefoel – fûnen wurd en byld elkoar hast fansels. Dat is fêst te tankjen oan de magy fan in bosk en de steat dêr’t it jin yn bringe kin. Edwin’s gedicht wurdt foarôfgien troch in fraach. In hiele rike fraach, wêrtroch’t ik fuort allegear ferbiningen meitsje koe. En sa kaam ik út op in elvebank. ‘De fraach set de spirituele doar op in kier’, sei Edwin. Dejinge dy’t plaknimt op it bankje kin de doar fierder iepenje. Mei in útfergrutte elvebank wurdst as folwoeksene efkes ûnderdiel fan wat mearke-achtichs omdat der no hast in soarte fan ‘teleportaasje’ plakfynt, omdatst de rol fan ‘lyts / neatich’ ynnimme kinst. It ropt in situaasje op fan ‘yn dyn holle sitte’. De weromkommende beskriuwende ringen dogge tinken oan wat mentaals en fungearje suver as in soarte fan aura. Utnûgjend, salvjend, feestlik dekoratyf. Is de elvebank in orakel, in harkjend grut ear, ferbyldet it it yn – of útzoomen fan in oerknal of sjogge wy de trochsneed fan ús harsens? Slút dy ôf en lit dy betsjoene.”

Oer de makkers

Dichter | Edwin de Groot (It Hearrenfean, 1963) is dichter en redakteur fan it Frysktalich literêre tydskrift ensafh. De Groot publisearret yn it Frysk en Nederlânsk yn ferskate tydskriften. Yn 2025 stiet in 6e bondel yn de planning. Hy wûn foar Frysktalige gedichten ferskate kearen de Rely Jorritsmapriis. Neist it skriuwen fan poëzij is hy aktyf mei fotografy en byldzjende keunst. Hy hat dêrmei ferskate kearen eksposearre. Sawol it skriuwen as it meitsjen fan bylden binne sterk bewoartele yn it lânskip dêr’t hy as natuergids foar ferskate natuerorganisaasjes graach oer fertelt op ekskurzjes. Taal en byld geane yn syn wurk hieltyd mear gear.

Byldzjend keunstner | It wurk fan Machiel Braaksma hat in licht dadaïstyske ynslach. Hy plukt dingen út it deistich libben, montearret se op ‘e nij en skept sa mei it nije byld dat ûntstiet, situaasjes dy’t hilarysk, oandwaanlik, betiizjend, relativearjend of bekommentariearjend binne. Troch te assosiearjen leit hy ferbannen tusken saken dy’t gewoanwei net in soad mei-inoar te krijen hawwe. Dat fertaalt him û.o. yn teksten, kollaazjes en bylden yn allerhanne foarmen. “Ik besykje altyd tsjinoerstelde begripen yn ien byld te ferienigjen. In byld moat sawol ynbannich as útsprutsen wêze, wat iepenbierje en ferstopje, antwurden jaan en fragen stelle, en, sûplesse etalearje troch logika en gekte hân yn hân gean te litten.”

Mei tank oan

Provinsje Fryslân, Gemeente Heerenveen, Walter Baas, Repos Dokkum, Piemschuimletters.nl IJlst
Foto: Hoge Noorden | Jacob van Essen