Yn de maitiid en simmer fan 2022 fynt de earste edysje fan Arcadia plak, in hûndert dagen duorjende keunst- en kultuermanifestaasje as ferfolch op Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.

Op freed 7 maaie wurde de haadlinen fan it Arcadia 2022-programma live presintearre, yn gearwurking mei NDC Mediagroep. Ljouwert UNESCO City of Literature draacht ek by oan it Arcadia-programma.

De live útstjoering is te folgjen op lc.nl en begjint om 11 oere. Letter dy moarn giet de nije webside arcadia.frl live, mei mear ynformaasje oer Arcadia.