Yn it ramt fan de Poëzywike (28 jannewaris oant en mei woansdei 3 febrewaris) presintearret Poetry International alle dagen in útsprutsen dichter út binnen- of bûtenlân by dy thús. Live fia zoom lêze se oanslutend op it achtoere-sjoernaal gedichten oer saken dy’t der neist it aktuele nijs grif ek ta dogge, folge troch in Q&A. Op tongersdei 28 jannewaris (Gedichtedei) is ôfskiednimmend Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja te gast, op tiisdei 2 febrewaris is it de beurt oan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries.
Fia Poetry on Impact komsto yn ‘e kunde mei dichters dy’t meastentiids as streek- of stedsdichter of Dichter des Vaderlands boppe-op de aktualiteit sitte, en wêrfan it wurk dêrtroch in dúdlik antwurd wêze kin op de fraach wat de rol fan dichters en de poëzy sa al is.
It folsleine programma
28 jannewaris – Ofskiednimmend Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja
29 jannewaris – Geskinkauteurs Maud Vanhauwaert en Rodaan Al Galidi
30 jannewaris – Vanessa Kisuule, city poet fan Bristol
31 jannewaris – Ald-Plattelânsdichter fan East-Vlaanderen Paul Demets
1 febrewaris – Farske P.C. Hooftpriiswinner Alfred Schaffer
2 febrewaris – Dichter fan Fryslân Nyk de Vries
3 febrewaris – Gedichtengoeroe Ellen Deckwitz
Der online by wêze? Keapje in ticket foar € 5,- per ôflevering.
Mear oer de Poëzywike