Op Wrâld Poëzydei (21 maart) litte wy dy graach Picture Poems sjen. Picture Poems meitsje (Fryske) poëzij yn Ingelske oersetting breder tagonklik.

Yn 2019 is Johan van Oijen fan Metafoor Media tegearre mei Syds Wiersma fan it dichterskollektyf RIXT en Bert Looper fan Tresoar úteinsetten mei in projekt wêryn’t fideoklips makke wurde foar Fryske poëzy: Picture Poems. De fideo’s waarden útstjoerd op FryslânDOK op NPO 2 en kinne besjoen wurde op YouTube. It oantal fideo’s wurdt útwreide. Op fersyk fan Ljouwert City of Literature binne guon films foarsjoen fan Ingelske ûndertiteling / voice-over.