Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee; it barren op freedtejûn 5 febrewaris sil folslein digitaal wêze. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd. Om dy reden ropt Ensafh alle dichters en foarlêzers – ryp en grien – op om in gedicht op te nimmen.

It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft de gedichten skreaun binne. Do hoechst net iens sels dichter te wêzen, do meist ek gerêst in oar syn of har gedicht foarlêze!

Alle ynstjoerde filmkes sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Betingst is wol dat lûd en byld fan goede kwaliteit binne, der net te lange ynliedingen op ’e gedichten holden wurde en dat de opname net earder fertoand is. De redaksje hat it rjocht om te knippen yn it opstjoerde filmke. Der sil lykas wenst tuskentroch ek muzyk wêze. Dat is ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.

De (leafst lizzende) filmkes moatte foar 22 jannewaris opstjoerd wurde nei ensafhpoezij@gmail.com (swiere bestannen s.v.p. fia Wetransfer of fergelykber ) .

Foto: Geart Tigchelaar