Netflix leaut dat sterke ferhalen foar in grut publyk oeral wei komme moatte. De streamingstsjinst leaut ek dat mear minsken harsels represintearre sjen wolle yn searjes en films, en dat der mear stimmen te hearren wêze moatte. Om dy nije generaasje senarioskriuwers te finen, lansearret Netflix yn gearwurking mei Scriptbank de New Voices Script Contest.

Netflix nûget senarioskriuwers mei ferskillende eftergrûnen út om har útstel foar in spylfilm yn te stjoeren en in skriuwopdracht te meitsjen. Der wurde op syn meast fyftjin talinten útsocht om yn de earste moannen fan 2021 in skript te skriuwen. De fiif bêste skripts krije in priis. Netflix nimt de twa bêste skripts yn berie foar fierdere ûntjouwing ta Netflix Original-film. Filmplannen en skriuwopdrachten kinne oant 4 jannewaris 2021 yntsjinne wurde.

Lês mear

Foto: Volodymyr Hryshchenko fia Unsplash