Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.

Oant 15 maaie kinst dyn ferhaal en/of gedicht noch ynstjoere foar de Rely Jorritsmapriis

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 15 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.