Skriuwers út it hiele lân iepenje op woansdei 28 april, wannear’t der wer winkele wurde kin sûnder yn it foar in ôfspraak te meitsjen, symboalysk de doarren fan harren favorite boekhannel. Nynke de Jong docht woansdeitemoarn Van der Velde Boeken yn Ljouwert wer los.

“Gjin oanstellerijen”

Ronnie Terpstra fan Van der Velde Boeken is tige bliid dat syn winkel wer iepen kin, mar hâldt it iepenjen graach beskieden om rekken te hâlden mei de horeka-buorlju. Nynke de Jong: “Ronnie en ik hawwe of prate dat wy gjin ballonnen en oare oanstellerijen dogge, mar dat ik gewoan in moarn yn de winkel kom te helpen.”

Nije datum Boekenweek

De aksje is in inisjatyf fan stichting Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek, dy’t ek de Boekenweek organisearret. Dy sil dit jier wêze fan 29 maaie oant en mei 6 juny. De Boekenweek koe yn maart dit jier net trochgean troch de maatregels tsjin de fersprieding fan it coronafirus.

Oare iepeningen

Witte hokker oare skriuwers harren favorite boekhannel wer los dogge? Sjoch op hebban.nl/steunjeboekhandel.

foto: Masha Matijevic