It Nederlands Letterenfonds wol de kwaliteit en it ferskaat fan nije literatuer yn it Nederlânsk, Frysk en Papiaments stimulearje. Dêrom kinst as makker ek subsydzje oanfreegje foar nije literatuer bûten it boek: fan performance oant podcast en fan spoken word oant virtual reality. Dêrneist is der romte om in part fan it bedrach te besteegjen oan profesjonele ûntwikkeling.