Op freed 12 juny presintearre Ljouwert City of Literature trije Fryske dichters, dy’t foardroegen út gloednij wurk. It waard in tige slagge jûn dêr ‘t de oanwêzigen genieten fan de sfear, de poëzy en in miel.

Ald-stedsdichter en tsjintwurdich-Wâlddichter Arjan Hut (1976) gie yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 nei Malta. Dêr gong it geroft dat hy pas foar it earst sûnt 1991 bûten Ljouwert kaam. Syn ûntdekkingen en ûnderfiningen wjerklinke yn syn nije bondel ‘Fjoertoer yn it Wâld’. Elmar Kuiper (1969) skriuwt Fryske en Nederlânske gedichten en toanielteksten. Boppedat is er byldzjend keunstner, sjonger en filmmakker. De poëzy yn syn nije bondel ‘Wite Mûle, Swarte Molke’ is direkter en konfrontearjender as earder. Sigrid Kingma (1989) studearre Nederlânsk en Frysk en debutearre yn 2016 mei de dichtbondel ‘Reade triedleas / Red wireless’. Koartlyn liet se har foar 11 nije fersen ynspirearje troch de 11 (yn 2018 yn de Fryske stêden pleatste) fonteinen.

Bestel de bondel ‘Fjoertoer yn it Wâld’ fan Arjan Hut
Hâld de ferskining fan ‘Wite Mûle, Swarte Molke’ yn ‘e rekken
en de útjefte fan de nije fersen fan Sigrid Kingma

Foto’s: Lucas Kemper