Wolst dyn literêre talint ûntwikkelje, en dêrby it Frysk as skriuwtaal brûke? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 24 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 3 septimber is der in fergees tagonklike yntroduksjeles.
Yn it lesblok Skriuwtechniken A komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken A, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is.
De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken A is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza, Essay of Poëzij. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goede wize kommentaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.
De 12 lessen* fan de kursus Skriuwtechniken A binne fan 24 septimber ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. It lesjild is 540 euro. Krigest les fan Arjan Hut.
Op woansdei 3 septimber fan 19:00 oant 21:30 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles Skriuwtechniken A by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjeles kin fia kantoar@skriuwersfakskoalle.frl. Wolst earst mear ynformaasje? Mail nei info@leeuwardencityofliterature.nl.
*Lesdata (ûnder foarbehâld):
Skriuwtechniken A: woansdeitejûn 24 septimber; 1, 15 en 29 oktober; 5, 19 en 26 novimber; 10 en 17 desimber 2025; 7, 21 en 28 jannewaris 2026
Foar wa’t A folge hat:
Skriuwtechniken B: woansdeitejûn 24 septimber; 1, 15 en 29 oktober; 5, 19 en 26 novimber; 10 en 17 desimber 2025; 7, 21 en 28 jannewaris 2026
Foar wa’t A en B folge hat:
Poëzy 1: 24 septimber; 1, 15 en 29 oktober; 5 en 12 novimber; 3 en 17 desimber 2025; 7 en 21 jannewaris 2026
Ynskriuwe foar de lesblokken kin op www.skriuwersfakskoalle.frl. Neist de lesblokken jout de Skriuwersfakskoalle ek losse kursussen. Ynformaasje dêroer is ek te finen op de webside.
Liever les in het Nederlands? De Schrijversvakschool biedt in Leeuwarden lessen aan in dbieb.
Foto: Paul van Dijk