Dyn literêre talint ûntwikkelje en dêrby it Frysk as skriuwtaal brûke? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Yn febrewaris set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 12 febrewaris is der in fergees tagonklike yntroduksjeles. 

Yn de 12 lessen fan it lesblok Skriuwtechniken komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken, om te besykjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is. 

De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza, Essay of Poëzij. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommentaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle. 

Oanmelde foar de yntroduksjeles fan woansdei 12 febrewaris fan 18:45 oant 21:45 by Tresoar kin troch in e-mail te stjoeren nei kantoor@svsgroningen.nl. Wolst earst mear ynformaasje? Mail mei Tryntsje van der Steege: tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl. 

Leaver ferhalen skriuwe yn it Nederlânsk? De Schrijversvakschool jout ek lessen yn it Nederlânsk, bygelyks yn dbieb yn Ljouwert.

Foto: Natalia Balanina