Skriuwe yn it Frysk: de ien publisearret al jierren, de oar siket noch om de goeie wurden. Beiden binne wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op 9 maart 2022 set in nije searje lessen útein, op 9 febrewaris 2022 is der in yntroduksjeles.
De begjinner komt yn it blok Skriuwtechniken yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, leart om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken.
De al publisearjende skriuwer krijt yn it blok Redigearjen mear sicht op it herskriuwen, op de kânsen dy’t de tekst noch jout, op it riker meitsjen fan de wurdskat.
Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de taal, oer de tekst, learst inoar op goeie wize kommintaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.
It blok Skriuwtechnyk foar begjinners, 12 lessen, wurdt jûn troch skriuwdosint Welmoed Wijma. It blok Redigearjen, ek 12 lessen, is foar betûfte studinten en wurdt jûn troch skriuwer-redakteur Baukje Zijlstra. By it blok Skriuwtechniken is elkenien wolkom, foar it blok Redigearjen wurdtst talitten op basis fan ynstjoerd wurk.
De nije lessen Skriuwtechniken binne op woansdeitejûn, 12 jûnen fan 19:00 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert: 9, 23 en 30 maart; 20 april; 11, 18 en 25 maaie; 8, 15, 22 en 29 juny 2022. Ynskriuwe foar 20 febrewaris. Op 9 febrewaris is der in yntroduksjeles. It lesjild is € 480,-.
Oanmelde foar de yntroduksjeles en de nije searje lessen kin op de webside fan de Skriuwersfakskoalle.