De fyfde edysje fan ús magazine LETTER kaam op freed 12 july út as simmerske lêsbylage by de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.

LETTER is ek online te lêzen (ek as Epub) en fan 15 july ôf te krijen by ûnder mear boekhannels en biblioteken yn Fryslân.

Yn it magazine ûnder mear: ynterviews mei skriuwers Rinke Verkerk en Sipke de Schiffart, foarpublikaasjes, in strip en lêstips. It tema is dit kear: ûngemak.

Foto: Mirjan van der Meer