Op 10 desimber ferskynt de bondel ‘Springtij – Gedichten over het leven met tbs’ fan Tsead Bruinja. Yn de simmer fan 2020 mocht Bruinja as Dichter des Vaderlands, op útnûging fan de Pompestichting, mei tbs-ers en harren behannelers prate. Dat waarden iepenhertige konversaasjes oer harren jeugd, harren libben yn de klinyk en de problemen dêr’t se tsjinoan rinne. Op basis fan dy petearen skreau Bruinja teksten dy’t er sels omskriuwt as dokumintêre-poëzij.

Yn ‘Springtij’ komme de minsken dy’t wy beskikber stelle oan ‘e steat sels oan it wurd, yn harren eigen taal. Minsken dy’t in freeslik delikt bedreaun hawwe, mar ek manlju en froulju mei wa’t wy langsten, dreamen en ambysjes diele.

Oer Tsead Bruinja

Tsead Bruinja (1974) studearre Ingelsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy debutearre yn 2000 mei de Frysktalige fersebondel ‘De wizers yn it read’. Yn 2003 ferskynde syn earste Nederlânsktalige bondel, ‘Dat het zo hoorde’, dy’t nominearre waard foar de Jo Peters Poëzieprijs. Sûnt dy tiid publisearre er trettjin bondels, yn it Nederlânsk en it Frysk. Syn bondel ‘Overwoekerd’ waard nominearre foar de Ida Gerhardt Poëzieprijs. Syn lêste bondel is ‘Ik ga het donker maken in de bossen van’ (2019). Yn 2019 waard hy beneamd as de sânde Dichter des Vaderlands. Hy hat twa jier lang gedichten makke by nasjonale foarfallen en trede op as ambassadeur fan de poëzij.