Lok is it nije gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân.

Diskear in gedicht mei in breder maatskiplik tema, oer kânseûngelikens yn it ûnderwiis troch achtergrûn of ôfkomst.

Lok, de oersetting yn it Nederlânsk fan de dichter sels en de Ingelske oersetting troch David Colmer, binne te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.

Nyk de Vries iepent freedtejûn 11 juny mei it Artfark Saxophone Quartet Poetry International online.

Paul Steenhuis skreau yn NRC oer de fideoklips dy’t Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân makket fan syn wurk.