De Frysktalige tak fan de Skriuwersfakskoalle biedt trajekten foar begjinnende en foar betûfte skriuwers. De skoalle is te ferlykjen mei in partikuliere en ûnôfhinklike keunstakademy. De basis is de mearjierrige oplieding, oanfolle mei in tal losse kursussen dy’t ek foar net-studinten tagonklik binne.
De mearjierrige oplieding
De losse kursussen
De werklikheid is bytiden frjemder as dat men jin foarstelle kin. Mar hoe werkenst in goed ferhaal? En hoe skriuwst dat pakkend op, sûnder wat te betinken? Hoe komst yn kontakt mei de minsken oer wa’t it giet?
By non-fiksje giet it om de skreaune sjoernalistyk, ek wol ferhalende sjoernalistyk neamd. Moaie, spannende of oangripende reportaazjes meitsje, skreaun yn geve taal, dêr giet it om. Neist it oanlearen fan in goede skriuwtechnyk learst ek feardichheden as ynterviewen, observearjen en it dwaan fan boarne-ûndersyk. Do sitst dus net allinnich achter it buro, mar giest echt it fjild yn, op syk nei ferrassende ferhalen.
Dêr’t ‘gewoane’ sjoernalisten sa gau as mooglik ta de saak komme wolle, bewarret de ferhalende sjoernalist it lekkerst foar it lêst, ferpleatst er him yn it perspektyf fan de haadpersoan en is er op lokaasje om de sênes fan syn ferhaal fertelle te kinnen. Sûnder dêrby ek mar wat op te tinken.
In yntinsive kursus foar wa’t yn koarte tiid dit sjenre trochgrûnsje wol. Rekkenje yn alle gefallen, los fan de tinktiid, op in goed deidiel skriuwwurk de les, plus de tiid dy’t nedich is foar it tarieden en dwaan fan research. Ast dy ynskriuwst, giet de skoalle derfan út datst genôch tiid hast.
Dosint: Jaap Krol
Lesdata: 22 oktober, 5 en 19 novimber; 3 en 17 desimber 2024; 7 en 21 jannewaris; 4 febrewaris 2025, 18:45-21:30 oere
Leslokaasje: Tresoar, Ljouwert
Lesjild: 520,-
Skriuw dy hjir yn, dat kin oant en mei 15 oktober
foto: Natalia Balanina