Fergees by oankeap fan in boek yn de Fryske Boekewike fan 6 oant en mei 14 maart

Ta gelegenheid fan de Fryske Boekewike hat skriuwster Hilda Talsma Lockdownleafde skreaun. Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrich skriuwersjubileum en is frege om it Kadoboek foar de Fryske Boekewike te skriuwen. It Kadoboek wurdt yn de perioade fan 6 oant en mei 14 maart fergees oanbean by de oankeap fan in boek.

Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding, docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne.

Hilda Talsma (1971) is in skriuwster mei in flotte pinne, dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dy romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd.

Oftraap Fryske Boekewike op telefyzje


Skriuwster Hilda Talsma is sneon 6 maart haadgast by de start fan de Fryske Boekewike op Omrop Fryslân en fiert dan ek har 10-jierrich skriuwersjubileum. Fierder komme yn de telefyzjeútstjoering
ferskate Fryske skriuwers oan it wurd, en is der in muzikaal optreden fan it duo Weima & van der Werf. Oare gasten binne û.o. Alex de Jager (direkteur Afûk), Eveline Aendekerk (direkteur CPNB) en Ad Peek (direkteur Van der Velde Boekhannels). De útstjoering begjint om 20:00 oere.