Yn de 100 dagen fan kultureel programma Arcadia (17 maaie oant en mei 24 augustus 2025) ferrast Ljouwert UNESCO City of Literature dy 100 dagen lang mei Lyts gelok: literêre ljochtpuntsjes dy’t oeral yn Fryslân opdûke. Fan koarte teksten yn it wyld oant de ferskining fan komplete ferhalen. By in tal ferskiningsfoarmen hawwe wy dyn help nedich!

By de earste edysje fan Arcadia, yn 2022, brocht Ljouwert UNESCO City of Literature Utsteld gelok. Hûndert túneigeners holpen doe mei om der in sukses fan te meitsjen. Foar Lyts gelok wurkje we gear mei keunstners, lytse en grutte organisaasjes en sykje we foar in pear úterings noch minsken, te witten:
* in persoan dy’t iepenstiet foar in literêre tatoeaazje;
* ien mei in muorre of bûtentrep foar it oanbringen fan in tekst;
* meardere minsken wêrfan’t it hûs / pân in dei lang úthingboerd wêze mei.


Oer Lyts gelok

100 skriuwers en dichters út Fryslân, Nederlân en UNESCO Cities of Literature oer de hiele wrâld hawwe op papier te setten hokker lyts gelok harren rekket, yn de foarm dy’t by harren past. Der binne ûnder mear bydragen fan Thomas Heerma van Voss, Anne-Goaitske Breteler, Tsead Bruinja, Marjoleine de Vos, Yorick Goldewijk en Elisa Shua Dusapin. Harren teksten – en dy fan 94 oare auteurs – kinne oeral opdûke. Klik hjirûnder en ûntdek hoe’tst dy oanmelde kinst foar in spesjale nijsbrief mei hints!

Foto: Natalia Balanina