Dit jier fiert festival Literaturherbst yn kollega-UNESCO City of Literature Heidelberg (Dútslân) har tsiende edysje. Tidens it festival, dat fjouwer wiken duorret, komme 6000 besikers nei de mear as 40 eveneminten yn de stêd.

Tagelied

Twa minsken dy’t inoar leaf hawwe wurde wekker en moatte inoar ferlitte nei’t se tegearre de nacht trochbrocht hawwe. Dit stiet sintraal yn it Tagelied (Dageraadlied), in bekend lietsjenre út de midsiuwen.

Sûnt 2020 freget Heidelberg UNESCO City of Literature yn it projekt Abschied von Gestern skriuwers út kollega-Cities of Literature om mei harren eigen, hjoeddeistige ferzjes fan it Tagelied te kommen.

Dit jier presintearje Marrit Jellema en Tsead Bruinja út namme fan Ljouwert UNESCO City of Literature harren bewurkingen, skreaun yn it Nederlânsk en it Frysk, yn in lêzing en petear mei kurator Tristan Marquardt en de oersetters. Der is in ynlieding troch Ernst Bruinsma, direkteur fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Neist Marrit en Tsead hawwe ek Albertina Soepboer en Joost Oomen bydragen skreaun.

10 oktober 2024 | 20:00 oere
TiK Teater yn Karlstorbahnhof | Marlene-Dietrich-Platz 3
tagong fergees
Talen: Ingelsk, Nederlânsk, Frysk, Dútsk