Dizze wike wurde by alve Fryske Voedselbanken literêre krystkaarten besoarge, dy’t Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei seis skriuwers en in yllustrator ûntwikkele hat foar de goed 1.500 kliïnten en frijwilligers fan dizze voedselbanken. City of Literature wol harren op dizze wize, sa flak foar de feestdagen, graach wat opmoedigje. Ek hopet de organisaasje dat de aksje publisiteit opsmyt foar de Voedselbanken, dy’t driuwend ferlet hawwe fan stipe en produkten.

De kliïnten en frijwilligers krije in pakket fan seis unike kaarten en in Molkwarder Koeke. Foar de kaarten benadere Ljouwert UNESCO City of Literature de dichters en skriuwers dy’t yn de hjerst tidens (fanwegen corona úteinlik annulearre) Dichtdiners in foardracht jaan soene. De opdracht: skriuw in gedicht of in ultrakoart ferhaal oer iten. Marije Roorda, Edwin de Groot, Anne Feddema en Martin Reints skreaune in frij fers. Joost Oomen en Nicole van den Berg hawwe in koart ferhaal skreaun. By alle teksten makke Willie Darktrousers in passende yllustraasje.

De aksje past by de doelstelling fan Ljouwert UNESCO City of Literature om literatuer út Fryslân foar elkenien tagonklik te meitsjen, ûnder oaren troch gedichten en ferhalen op ûnferwachte plakken en mominten te dielen. It is ek in ferfolch op de aksje yn april fan dit jier wêrby’t by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge binne foar de goed 5.000 bewenners.

Foto (by Voedselbank De Helpende Hand yn Hârns): Marc de Fotograaf