Sjoernalist Joep van Ruiten spruts foar de Leeuwarder Courant mei Ernst Bruinsma (bedriuwslieder) en Berber van Oyen (marketingkoördinator) fan Ljouwert City of Literature.
UNESCO City of Literature Ljouwert is in neilittenskip fan it jier dat Ljouwert en Fryslân harsels Europeeske haadstêd fan kultuer neame koenen, sizze Van Oyen en Bruinsma. “Der wie in diskusje. Hoe hâlde jo minsken hjir? Hoe kinne jo it hege nivo hâlde? Der waard ek sein: de literatuer yn Fryslân moat sichtberder wurde. Wy sjogge in soad dingen amper of net.”
De fjouwer doelen fan Ljouwert as literatuerstêd wurde besprutsen: profesjonalisaasje, ynternasjonalisaasje, lêsbefoardering en ynnovaasje. “It wichtichste dat wy dogge is ferbine en ynformearje,” seit Bruinsma. “Wy binne gjin projektkantoar, noch in subsydzjeburo. Wy binne in netwurkorganisaasje. Wy wolle oare partijen helpe, har fasilitearje of yn in rjochting triuwe. ”
Tekst: Leeuwarder Courant, Joep van Ruiten
Foto: Jacob van Essen