troch Lara Kool, studint oan de Skriuwersfakskoalle

Dêr wie it dan einlings; it ferfolch op ‘Skriuw dyn earste ienakter’. In protte kursisten hawwe der lang nei útsjoen of dit ferfolch sels sels op poaten set. Foar Marleen en my soe it delkomme op Toaniel 2. Dizze kursus by Keunstwurk duorre hast acht moannen. We learden skriuwen mei help fan in synopsis, learden oer túnmannen en arsjitekten en libbe ús yn yn inoars stikken. In túnman begjint fuortendaliks en skriuwt mei yntuysje. In arsjitekt makket earst in plan. 

Foar my wie dat ek sa. Normaalwei bin ik echt in túnman. It ferhaal nimt my mei en dan komme we tegearre earne, dêr’t ik noch net earder west haw. Allinnich hie ik noch noait earder wat langs skreaun. It wie myn grutste útdaging om te sjen oft ik de spanning sa opbouwe koe, dat it ferhaal nijsgjirrich bliuwt, ek as it langer is. In kombinaasje te wurden tusken dy túnman en arsjitekt, in soarte fan túnman mei plan, hat my dus it meast holpen. Lytsere útdagingen wienen de synopsis skriuwe en in stik mei mear as trije rollen. It holp ôfgryslik om mysels minsken út myn omjouwing yn te tinken, dêr’t ik de personaazjes op skreau, om sa te kommen ta op harsels steande persoanen, dy’t net te bot op inoar lykje.  

De wykeinen waarden brûkt om inoars wurk foardragendewiis te lêzen en fan feedback te foarsjen. Dan sieten der hieltyd langere perioaden tusken, sadatst skriuwe koest. Undertusken mochtest Wessel om advys freegje. Altyd tige behelpsum en weardefol! Ik tink dat ik sa’n 12 ferzjes nedich hân haw, mar it is klear! It wie moai om in stikje derfan te presintearjen op de ôfslutende jûne. In echte oanrieder!

Lara Kool

Foto: Mirjam Ros, Keunstwurk