• FY
    • NL
    • EN
Alle ferhalen
  • FY
    • NL
    • EN
Alle ferhalen
67
Aurian Haller
69
Preston Losack

Tûkefreon

Troch Lida Dijkstra

Dit ferskynde as pet by Strandbieb Makkum
de petsjes binne op!


Steatlike beam yn ’e slingertún
stuit-stuit-stuite in ripe kastanje
pardoes tsjin myn kabouterskuon.
Lyts skopke rôle him om en om
oant er glânzjend brúnread rûn
yn myn bûse ferdwûn.

Goed tsjin rimmetyk, sei heit.
Mar ast him yn dyn túntsje
tusken de rûchte bestoppest
komt er ta libben. O wûnder!
Leaf nij beamke, tûkefreontsje,
wêrom waardst no tikker tsjin it rút?

Hy moat der út, sei heit beret
en dolde in gat yn myn hert.
Buorman fûn skaad gaadlik,
dat ik wiuwde him nei oer de hage
en neamde him

stoarmboarter

                                     hjerstkleurbetinker

                        wolkeklauwer

reinwetterdrinker 

                        willejouwer

Mocht it of net, ik socht him op,
prate tsjin it antlit fan syn bast,
beseach begrutsjend de dowen
dy’t inkeld breklike nêsten bouden.
Ik lies yn syn lijte de jierren foarby
oant er reade triennen skriemde.

Batske bile sloech ûnmeilydsum
syn stamme en siel oan splinters.
As in strider makke er my op ’t lêst
mandélich oan syn fuortbestean.
Kastanjes foelen as heil út ’e loft
en ik bûgde, betanke, beloofde
en neamde him âlde trochsetter. 

 

 

Mei tank oan Bibliotheken Mar en Fean

Lida Dijkstra

Lida Dijkstra (1961) skriuwt foaral berneboeken, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd en folwoeksenen. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch keunstskiednis, har eardere fakgebiet. Se jout lêzingen, workshops en skriuwkursussen en is ek aktyf as oersetter. Regelmjittich wurket se yn opdracht. Sa hat se boeken skreaun foar ûnder oare it Fries Museum, it Marinemuseum en Stichting Kening fan ’e Greide. Yn 2004 wûn se de Simke Kloostermanpriis mei Mûske, myn famke, yn 2007 nochris mei Lederwyntsje. Yn 2023 waard har histoaryske jeugdroman Schaduw van Toet bekroand mei de Thea Beckmanprijs. Dykstra wie de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân en waard yn 2022 beneamd ta lid fan de Fryske Akademy.

lidadijkstra.nl

Foto: Chris van Houts

Beheer toestemming
Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
Functioneel Always active
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
  • Manage options
  • Manage services
  • Manage {vendor_count} vendors
  • Read more about these purposes
Bekijk voorkeuren
  • {title}
  • {title}
  • {title}