Geluk
Troch Boaz Blume
MMatL: Dizze fideo sjochst op de fearboaten fan Wagenborg
Earder waard er publisearre op YouTube en by GGMD
Boaz Blume
Boaz Blume is dichter, performer en dosint Nederlandse Gebarentaal. Hy treedt op mei fisuele poëzy op poadia lykas Poetry International, Oerol en de Stadsschouwburg Amsterdam (Boekenbal 2025). Hy wurke tegearre mei spoken word artyst Elten Kiene en ferrike ferskes fan sjongeres Elmer, dy’t dit jier de Edison Poppriis wûn yn de kategory ‘Nijkommer’. Boaz hat ek optreden by ynternasjonale festivals, bygelyks yn Finlân, België en Frankryk en wurke tegearre mei ferskillende bûtenlânske artysten. Boaz besiket yn syn optredens en workshops minsken by inoar te bringen troch taalkeunst en ekspresje. Hy is te sjen yn de koarte film Imaginings en de poëzy clip Heartbeat. As dûnser by 20Hertz stie er yn de foarstelling Grondslag. Ek spile er in rol yn it tv-jeugdprogramma Hands Up fan KRO-NCRV.
Fotograaf: Laa Wa