De jonge Fryske skriuwers Raymond Muller en Aristote Bofunda Gemale hawwe in plak yn in lanlik trajekt foar jonge teaterskriuwers: #NieuweStukken.

Dit is in inisjatyf fan it Fonds Podiumkunsten en it Nederlands Letterenfonds. Mei acht oare skriuwers út de rest fan it lân begjinne se oan in programma foar talintûntwikkeling dat acht moannen duorret.

Beide jonge auteurs binne oandrûgen troch it Ljouwerter festival Explore The North, ien fan de fiif partners yn dit projekt. Mark Hospers fan Explore The North is bliid dat syn festival belutsen is by dit lanlike projekt.

Het begint er op te lijken hier

“Dat betekent dat het erop begint te lijken hier. Het wordt gezien wat er hier gebeurt, sectorbreed, in onze samenwerking met City of Literature, dbieb, Dichter bij Leeuwarden, Tresoar.”

Gemale, út Kongo, studearret oan ‘e Academie voor Popcultuur en wurket, ûnder auspysjes fan Explore The North en produksjehûs Popfabryk, oan in foarstelling oer syn eigen skiednis en syn relaasje mei Fryslân. Muller is ek aktyf as akteur en skriuwt yn it Nederlânsk en it Frysk.

boarne: Leeuwarder Courant