Hoe kin it dat Friezen de lokkichste minsken fan Nederlân binne? Tryater giet fjouwer jier lang op ûndersyk út ûnder de neamer ‘It gelok fan Fryslân’. Foar Tatiana Pratley is it har earste teäterprojekt as artistyk direkteur by Tryater. Yn de earste edysje yn 2020 ûntstiet it grutste geloksgedicht ea, makke fan de antwurden dy’t minsken jouwe op de fraach wêr’t se gelokkich fan wurde. It geloksgedicht foarmet it útgongspunt foar teätrale kuiers.

Op it stuit wurde der yn Marssum, Reduzum, Koarnjum, Kollum, Feanwâlden, Jorwert, Wommels, Winaam, Eastermar, Wyckel geloks-brievebussen delsetten. Tryater ferspriedt kaartsjes, oer hiel Fryslân, dêr’t de fraach op steld wurdt wêr’st gelokkich fan wurdst. De kaartsjes kinne yn de brievebussen dien wurde óf weromstjoerd wurde nei Tryater. Fan alle antwurden makket Tryater it langste Geloksgedicht oait.

En dan, fan ein augustus oant heal oktober, strykt Tryater alle wiken del yn ien fan de doarpen. Oan ‘e hân fan it Geloksgedicht makket Tryater in teätrale audio-kuier. Foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fier dêrbûten. Dizze aventoerlike kuiertocht wurdt makke yn gearwurking mei de mienskip, it wurdt in rûte dy’t alle sintugen iepenet en it publyk fiele lit wêr’st allegear lokkich fan wurde kinst. Yn elk doarp in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Winaam. As in karavaan fan gelok lûkt Tryater fan plak nei plak en elkenien krijt in ferrassende poëtyske ûnderfining.

Friezen binne net de rykste, mar wol de gelokkigste minsken fan Nederlân. Dat blykt út ûndersyk fan it CBS. As jild net bepalend is foar it gelok yn Fryslân, wat dan wol? Aukje Schaafsma, Karel Hermans en Tatian a Pratley geane fjouwer jier lang op ‘e syk nei ‘It gelok fan Fryslân’. Elk jier op in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol.

artistieke leiding en konsept: Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma, Karel Hermans; regy: Brecht Wassenaar, Janneke de Haan, Raymond Muller, Trieneke Verbeek, Theun Plantinga, Eline de Vries, Ekko de Bakker, Tamara Schoppert, Romke Gabe Draaijer, Sjoerd Blom; tekst de mienskip gedicht: Sytse Jansma; muzyk: Peter Sijbenga

Mear lêzen of online dyn geloksûnderfiningen trochjaan