Heech op Ljouwerter gebouwen foarmje libbensgrutte letters Fryske en Liwwadder teksten. ‘Nee jongu, ja juh’ op it gerjochtsgebou wie de bekendste, ‘Weest wel’ op it âlde belestingkantoar is de nijste. Sa meitsje de keunstners Marten Winters en Aad van Altena meartaligens sichtber yn it strjitbyld. FryslânDOK lit it sjen op 29 en 30 oktober by NPO2 en Omrop Fryslân.


Yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 wurdt de toan setten. Lân fan Taal, dêr’t Ljouwert UNESCO City of Literature út ûntstien is, komt mei it projekt Sichtberens. Ynienen kinne ynwenners en besikers fan Ljouwert al fan fierren de wurden lêze, dy’t yn mânshege letters boppe-op oerheidsgebouwen steane. Mei teksten as ‘Nee jongu, ja juh’ (Nee jongen, ja joh) op it gerjochtsgebou, ‘Yn it hert’ (In het hart) op it provinsjehûs en ‘Sliepende wei’ (Slapende weg) by de Noarderbrêge witte de twa keunstners Marten Winters en Aad van Altena harren stedsgenoaten alert te meitsjen op de eigen t aal en oan te trunen mei in oare blik nei har omjouwing te sjen.

Ek nei 2018 giet it projekt ‘Sichtberens’ (Zichtbaarheid) troch, want it gefoel fan urginsje om it Frysk en Stedsfrysk libben te hâlden, bliuwt. Yn de FryslânDOK filmet dokumintêremakker Halbe Piter Claus de keunstners wylst sy wurkje oan in nije opdracht. Dat wurdt ‘Weest wel’, in tekst mei in dûbele lading. It is Liwwadders foar ‘witst wol’ en yn it Nederlânsk betsjut it: ‘heb het goed’. Mar troch corona, kreakers yn it flatgebou en juridyske tûkelteammen hat de pleatsing fan de letters diskear hiel wat fuotten yn de grûn. Ofrûne simmer binne de wurden einlings nei boppen hysd en se stean no te pronkjen op de âlde betonnen kolos fan de belestingtsjinst.

Oer de fuorthelle letters fan de rjochtbank is yntusken in flinke diskusje oan ‘e gong; se wurde troch in protte Ljouwerters mist. Keunst yn de iepenbiere romte dócht wat mei minsken, sa blykt.

FryslânDOK ‘Sichtberens’
Sneon 29 oktober NPO2 15.30 oere (werhelling snein 30 oktober 13.26 oere)
Snein 30 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.