‘Meitsje it ûnfoarstelbere foarstelber’, dat is de útdaging dy’t trije Flaamsk-Fryske skriuwersduo’s krije. Under begelieding fan in literêre coach geane se fan 16 oant en mei 20 novimber in wike yn (thús)residinsje, om yngeand te gearwurkjen. Elk yn syn of har eigen hûs. ‘De Verwonderkamer’ is in projekt fan deBuren, Explore the North en Leeuwarden City of Literature.

Je kinne it proses fan de makkers folgje mei in deistige update dy’t likernôch om 20.00 oere ferskynt yn de stories op it Instagram- en Facebook-account fan Explore the North. Oan it ein fan de residinsjewike, op sneontejûn 21 novimber om 19.30 oere, presintearje de duo’s de fuortgong fan it mienskiplike projekt yn in net-te-leauwen online zoom-event. 

Bestel fergees dyn tickets!

It fergees tagonklike zoom-event ‘Onvoorstelbaar maar waar’ jout in ynsjoch yn it kreative proses fan de makkers. In tippe fan de wale? Marie Borremans en Raymond Muller sille yn de wintersliep, Anne-Goaitske Breteler en Arno Boey ûntwerpe in nij soarte fan sinjouwing en Betül Sefika en Nicole van den Berg spylje god. De Flaamske dichteres/performer Maud Vanhauwaert en de Nederlânske skriuwer/performer Joost Oomen prate it gehiel oan elkoar.

Mear oer ‘De Verwonderkamer’ & de makkers
Reservearje fergees dyn ticket