Njoggen Froulju fan de Rie fan Smallingerlân waarden mei in online gearkomste op 8 maart ynstallearre as lêsambassadeurs foar de Biblioteek Drachten. Wally Postma, Silvia Sikkema, Annemarie Hogeveen, Nicolle ter Doest, Maria Le Roy, Johanna Mast, Lucienne Meinsma, Anita Merkus en Angela Visser krigen juster in boekespjeldsje en in boekepakket fan Karin Meijerman, direkteur fan de Biblioteek Drachten.

As lêsambassadeur sille de Froulju fan ‘e Rie de kommende perioade it lêzen ûnder bern en âlders yn Smellingerlân te stimulearje en de lêswille fergrutsje. Se dogge dit troch foar te lêzen op skoallen en troch it petear oan te gean oer lêzen mei âlders en bern. Lêskonsultent fan de biblioteek Marga Zitman seit: “Kinst gauris folle mear út in boek helje as datst tinkst. Troch yn petear te gean oer in boek ûntdekst oare wrâlden en krijst noch mear nocht oan (lûdop) lêzen! ”.

It belang fan lêzen

De wurdskat en lêsfeardigens fan in bern dat alle dagen lêst groeie fuortendaliks. Fanwegen de kennis dy’t se krije fan boeken, fergrutsje se ek har wrâld. Mei in heger lêsnivo wurde ek oare fakken tagonkliker. Dit liedt ta bettere skoalleprestaasjes en bern kinne har talint better ûntwikkelje. Lêze is wichtich foar alles watst berikke wolst yn it libben. Dêrom is it hiel wichtich om bern te stimulearjen frij te lêzen.

Om bern oan te moedigjen om in protte te lêzen, set de Biblioteek Drachten har yn foar lêswille. De biblioteek docht dit tegearre mei skoallen, foarskoalske ynstellingen, sûnenssintra en oare sosjale organisaasjes.