Yn de hjerst fan 2019 krige Ljouwert fan UNESCO de bliuwende titel ‘City of Literature’. En hiel Fryslân docht mei! We meitsje dus no, anno 2024, fiif jier diel út fan it Creative Cities Network fan UNESCO. In mylpeal om by stil te stean.
Wat is der de ôfrûne fiif jier bard, skreaun, presintearre? Wy presintearje graach de sifers en ljochtsje in pear opfallende projekten út. Ek sjogge we koart foarút. Ljouwert UNESCO City of Literature is here to stay!