Der binne al in skoft lûden te hearren yn literêr Fryslân dat Frysk proaza oan ’e krapperein komt mei al dy poadia, kollektiven en projeksjes foar poëzij. Proaza lient him likegoed om foardroegen te wurden, proaza is net allinnich foar ûnder de skimerlampe. Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret dêrom de Lange koartproazajûn op 27 novimber 2020 en ropt elkenien op om in koart ferhaal yn te stjoeren.

Skriuwers fan de bêste ferhalen meie dy de jûns foarlêze en de alderbêsten wurde yn it papieren nûmer fan Ensafh publisearre. It koarte ferhaal fan op syn heechst 250 wurden kin oant 1 july 2020 ynstjoerd wurde. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. It ferhaal moat opstjoerd wurde yn in Word-bestân, mei fermelding fan namme, adres en tillefoannûmer.

De ynstjoerings wurde anonym beoardiele troch in sjuery, besteande út: Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learare-oplieding NHL Stenden), Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid) en Nyk de Vries (skriuwer, muzikant en Dichter fan Fryslân). De útslach komt nei 1 augustus, oer de útslach kin net korrespondearre wurde.