Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje dizze maitiid in rige masterclasses Foardragen, foar skriuwers dy’t wurkje wolle oan it presintearjen fan harren teksten. De masterclasses wurde jûn troch Brecht Wassenaar, Nyk de Vries, Daan Doesborgh en Janneke Brakels. Meidwaan is fergees.

De rige masterclasses is bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe en dy’t ûndersykje wolle hoe’t se harsels en har teksten it bêste op it poadium presintearje kinne, en ûntdekke wolle hokker feardichheden en kwaliteiten se dêrfoar ynsette kinne. Yn elke sesje wurkest mei in oare dosint oan dyn eigen deselde tekst(en), om de ferskillende effekten fan de ferskillende foarmen en techniken yn dyn presintaasje te ûnderfinen en te besykjen. Dit kin yn elke taal.

Folgest fjouwer masterclasses, op tongersdeitejûn 9 maart, 16 maart, 23 maart en 30 maart fan 19.30 oant 22.00 oere by Tryater oan de Oostersingel yn Ljouwert. Nei dizze masterclasses is der op 6 april in sesje om in presintaasje ta te rieden, dêr’tst yn in lytse kring sjen litte kinst watst leard hast. Dy presintaasje is op tongersdei 13 april by Tresoar.

De masterclasses wurde jûn troch fjouwer ferskillende dosinten mei ferskate eftergrûnen en ekspertize. Yn de earste sesje wurket aktrise en regisseur Brecht Wassenaar mei dy oan teatertechniken: mei dyn lichem, stim en de romte om dy hinne. Yn de twadde sesje jout dichter Nyk de Vries les oer foardragen: diksje, spanningsopbou, ritme en muzyk. Yn de tredde masterclass leart skriuwer Daan Doesborgh dy om kontakt te meitsjen mei it publyk: ymprovisearje, spontaniteit en humor yn dyn optreden brûke. Sjongdosinte Janneke Brakels jout de fjirde sesje, oer opnametechniken: hoe’t dyn stim en dyn tekst klinke foar in podcast of harkboek, en it brûken fan opnames by optredens.

Der is plak foar maksimaal acht dielnimmers. Meidwaan is fergees en wurdt oanbean troch Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature. Oanmelde kin oant en mei freed 24 febrewaris mei dit formulier. Wy meitsje in seleksje op basis fan de oanmeldingen en litte dy witte oftst meidwaan kinst. Ast ​​​​selekteare bist, ferwachtsje wy datst meidochst oan alle gearkomsten.

Wolst earst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Tryntsje van der Steege, projektlieder by Leeuwarden UNESCO City of Literature, tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl.