It Skriuwersbûn en Tresoar organisearje in essaywedstriid. It essay moat gean oer it fertellen fan ferhalen en moat skreaun wurde yn it Frysk. Tresoar hat moaie jildprizen foar de winners en de moaiste essays wurde publisearre.
Op freedtejûn 9 jannewaris 19:30 oere is der in ynformaasjejûn yn de boppeseal fan Proeflokaal Wouters yn Ljouwert. Doeke Sijens fertelt mear oer it skriuwen fan essays en dielt ek tips.
Kinst dyn essay oant en mei 2 april 2026 ynstjoere nei ynfo@skriuwersboun.frl. De útslach folget op in spesjale jûn yn juny.
Foto: Unsplash, Hannah Olinger