It Skriuwersbûn en Tresoar organisearje in essaywedstriid. It essay moat gean oer it fertellen fan ferhalen en moat skreaun wurde yn it Frysk, yn heechút 1500 wurden. Tresoar hat moaie jildprizen foar de winners en de moaiste essays wurde publisearre.

Kinst dyn essay oant en mei 2 april 2026 ynstjoere nei ynfo@skriuwersbun.frl. De útslach folget op in spesjale jûn yn juny.

Foto: Unsplash, Hannah Olinger