Alle jierren wurdt yn de simmer troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, It Fryske Gea en Tresoar de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) beskikber steld foar skriuwers of dichters dy’t yn alle rêst dwaande wêze wolle mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân.

Yn de simmer fan 2021 hâlde Jan Minno Rozendal, Wilma Miedema, Warner B. Banga, Aukje Wijma, Harmen Bloemhof en Youvan Bergsma en dichterskollektyf RIXT ta yn de Skriuwersarke op De Feanhoop.

Om’t it troch koroana dit jier wer net (likemin as yn 2020) mooglik is om de Skriuwersarke op de wenstige manier te iepenjen mei in lytse seremoanje, stelle de skriuwers en dichters harren foar op de webside fan it FLMD.