Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Fan hjoed ôf kinne alle middelbere skoallen yn Fryslân fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergees skoaloptreden boeke foar it kommende skoaljier (’20 – ’21). 

De Dichter fan Fryslân biedt ferskillende lesprogramma’s oan oer poëzij en literatuer, yn kombinaasje mei muzyk en fideo. De lesprogramma’s bestean út in optreden en in les yn ien. 

De Dichter fan Fryslân bringt op in tagonklike en humoristyske wize, syn foar in grut part eigen ferhaal. Dat is in ferhaal oer syn middelbere skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam. 

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.

Mear ynformaasje oer it skoalprojekt en it boeken fan in fergees skoaloptreden