Dichter bij Leeuwarden, dbieb, Explore the North en Leeuwarden City of Literature binne yn de Poëzywike útein set mei in mienskiplike produksje: in dichtbondel dy’t makke wurdt troch jonge wurdkeunstners en jonge fotografen. De bondel, mei as tema ‘tegearre’, wurdt ein febrewaris hûs-oan-hûs ferspraat yn Ljouwert.

Yn de Poëzywike (28 jannewaris oant en mei 3 febrewaris) sille tsien wurdkeunstners en tsien fotografen oan de slach mei it tema. De helte set útein fanút eigen ynspiraasje, de oare helte lit him krekt ynspirearje troch it wurk fan de oar. Sa ûntstiet in bondel mei tsien foto-fers-kombinaasjes. Under de makkers sitte studinten fan de Academie voor Popcultuur en dielnimmers oan talintûntwikkelingstrajekten as Poetry Circle en Meeuw Jonge Schrijvers. De kommende wiken sil in tal sneak peeks dield wurde fia de socials fan de inisjatyfnimmers.

Dichter bij Leeuwarden, dbieb, Explore the North, De Westerkerk en Leeuwarden City of Literature stimme sûnt in skoftke de wurksumheden en aktiviteiten mear mei inoar ôf, ûnder de neamer Letteren in Leeuwarden. De dichtbondel is it earste sichtbere resultaat fan dy yntinsivearre gearwurking .