Koek en zopie kenne we allegear, mar op de iisbaan fan iisklup Winterwille yn Wommels wie yn de iiswike yn febrewaris ek Boek en zopie te finen. Sa koenen reedriders nei it riden fergees in boek foar jûns by de kachel mei nei hûs ta nimme.

De biblioteek fan Wommels wie troch de coronamaatregels ticht. Leden koenen wol gebrûk meitsje fan de ôfhelservice. Der hie lykwols al in skoft gjin ferkeap fan ôfskreaune boeken mear west. Mei tank oan Pieteke de Boer fan de Wommelser biblioteek fûnen dizze boeken no fia de iisbaan fergees harren wei nei de lêzers.