It 51e Poetry International Festival Rotterdam iepent online mei de livestream fan de wrâldpremiêre fan in spesjale muzikale poëzijproduksje, komponearre en skreaun troch Dichter van Fryslân Nyk de Vries en de leden fan it Artvark Saxofonekwartet.

Dizze Nederlânsk-Fryske poëzijmuzykproduksje fan 45 minuten waard makke yn opdracht fan Poetry International. De muzikale fleksibiliteit fan Artvark en de ferhalende krêft fan de poëzij fan Nyk de Vries lykje in bysûndere teatrale ûnderfining te wurden, wêryn’t taal en muzyk inoar drage, fersterkje en tegearre opgean. In poëzij-muzykproduksje dy’t fierder giet as wat taal en muzyk apart dwaan kinne: Glass moetet Tom Waits / Nick Cave.

Artvark bestiet út Rolf Delfos (altsaks), Bart Wirtz (altsaks), Mete Erker (tenorsaks) en Peter Broekhuizen (baritonsaks). Nyk de Vries is bekend as in literêr performer dy’t mei regelmaat muzyk en bylden kombinearret mei syn poëzij.

Mei tank oan:
Alida Augusta Fûns / Prins Bernard Cultuurfonds
Hausta Donans Fonds / Prins Bernard Cultuurfonds
Fonds Podiumkunsten
Schouwburg De Lawei (try-out 6 juny 16:00 oere, livestream)