Fan 15 novimber ôf iepenet de Zinnenfabriek de doarren op de Nijstêd 29 yn Ljouwert. Dizze pop-up poëzywinkel is oprjochte troch Stedsdichter Marrit Jellema en har team fan wurdkeunstners, yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert. Jong en âld is wolkom om te sneupen tusken kastkes en fakjes fol ferrassende teksten en orizjinele gedichten. De Zinnenfabriek is iepen op freed- en sneontemiddei fan 12:00 oant 17:00 oere, oant heal desimber. Op 30 novimber hâldt de Culturele Apotheek ynrinsprekoere yn de Zinnenfabriek.

Hast lêst fan keuzestress, fan ûnferfolle langstmen of kadotwifels? Fan driigjende desimberwurgens of in brutsen hert? Ljouwert City of Literature en De Culturele Apotheek biede ferljochting by dizze en oare deistige kwalen! Kom op sneon 30 novimber tusken 13:30 en 15:30 nei it ynrinsprekoere Boeken op resept yn de Zinnenfabriek foar in koart mar ynkringend konsult en stoart dyn hert út. Dan krigest op it plak sels dyn heechpersoanlike boekeresept op maat, ynklusyf de goede dosearring, it bêste tiidstip fan ynname en eventuele bywurkingen. De foarskreaune boeken kinst dêrnei keapje by in boekwinkel yn’e stêd of liene by dbieb!

In konsult by de Culturele Apotheek is fergees en wurdt dy oanbean troch Ljouwert City of Literature. Oanmelde is net nedich, kinst gewoan binnenrinne!