De Anton Wachterpriis is in twajierlikse priis foar it bêste Nederlânsktalige literêre romandebút neffens it oardiel fan in faksjuery, en wurdt takend oan in talintfolle auteur fan wa’t yn de ôfrûne twa jier in opmerklik Nederlânsktalich proazadebút ferskynd is.

Annemarie Haverkamp is de winner fan de Anton Wachterpriis 2020. Se kriget de priis foar har roman ‘De achtste dag’. Neffens de sjuery wit se har yn har debút te profilearjen “as in auteur dy’t in dilemma of drama keunstich en subtyl oer it fuotljocht wit te krijen”.

Oer de priis

Yn oanmerking komme de literêre proazadebuten út Nederlân en Flaanderen dy’t publisearre binne yn de twa jier foarôfgeand oan de útrikking. De Anton Wachterpriis is bedoeld as stimulâns foar de opkomst fan literêr talint en is ferneamd nei de haadfiguer yn de autobiografysk kleure romansyklus fan de auteur Simon Vestdijk. De priis bestiet út in bedrach fan € 2.000,- plus in replika fan it byldsje fan Anton Wachter.

De útrikking fynt dit jier plak yn besletten rûnte en is online mei te meitsjen troch in livestream.