Tresoar presintearret it maaitiidsferhaal fan njoggen Fryske iisbanen yn de digitale eksposysje Iisbaan yn ‘e maaitiid. Fan 20 maart oant en mei 24 maaie 2021 wurdt de webside oanfolle mei fideo’s, skilderijen, foto’s, gedichten, tips en mear. Folgje de digitale presintaasje op de webside, op Facebook en Instagram fan Tresoar.
Foar it earst sûnt jierren koene wy dizze winter wer reedride op natoeriis. De iisbanen yn Fryslân sieten fol mei besikers dy’t genietsje woene fan de iiswille. Hoe lizze iisbanen derhinne as de maaitiid wer begjint, as it iis wer fuort is en it wetter fan ’e iisbaan ôf? Iensum en ferlitten no’t der net mear op riden wurde kin?
Nee, se wurde brûkt, en hoe! Der wurdt op keatst, fuotballe en kuorballe. Hynders, kij en skiep rinne te weidzjen op it stikje lân. Der wurde gewaaksen op ferboud. En wannear’t iisbanen der dochs ferlitten by lizze, dan biede se rûmte foar rêst en besinning.
Skilderijen, pinhole fotografy, poezij en mear
De skilderijen fan Hendrik Elings, de swart-wyt foto’s fan Baukje Venema en de gedichten fan alve Fryske dichters fertelle op keunstsinnige en ynspirearjende wize it maaitiidsferhaal fan njoggen Fryske iisbanen. Yn in fideosearje fertelle de keunstners en dichters de ferhalen en wurdt it publyk meinaam yn de wrâld fan de iisbanen èn yn ‘e wrâld fan ’e keunstners sels. De keunstners en dichters fertelle dy wêr’t se troch ynspirearre reitsje en hoe’t se te wurk gean. Dêrneist jouwe se dy tips oer hoe’st sels mei skilderjen, fotografearjen en dichtsjen oan ’e slach gean kinst. Ek leit der krekt foar de maaiefakânsje in DIY-pakketsje klear foar bern om kreatyf oan ’e slach te gean mei it tema Iisbaan yn ’e maaitiid.
Selfieboerd
De maaitiid mei har oprinnende temperatueren en natoer dy’t him ûntjout nûget út om sels op paad te gean. Kuierje of fyts nei dyn eigen iisbaan of ien yn ‘e buert. Hoe leit dy derhinne? Wurdt der op sport, rint der fee te weidzjen of is it in hearlik, rêstich plak? Meitsje der in foto fan, diel dizze mei de hashtag #iisbaanynemaaitiid en wa wit ynspirearrest mei dyn foto wol oare doarpen en stêden. Tresoar makket it noch moaier foar dy en hat by njoggen iisbanen yn Fryslân in selfieboerd pleatst! By dizze iisbanen kinst mei it selfieboerd op de foto: Wijckel, Nijelamer, Bakkeveen, Burdaard, Sint Jacobiparochie, Aldtsjerk, Blessum, Munnikezijl en Hijum.
Boek Iisbaan yn ’e maaitiid
By de digitale presintaasje heart it boek mei deselde titel Iisbaan yn ‘e maaitiid mei skilderijen fan Hendrik Elings, foto’s fan Baukje Venema makke mei in 19e-iuwske houten kamera, en de gedichten fan alve ferskate dichters. Dat binne Johan Veenstra, Henk van der Veer, Hein Jaap Hilarides, Elmar Kuiper, Gerard de Jong, Nyk de Vries, Eeltsje Hettinga, Albertina Soepboer, Baukje Wytsma, Elske Kampen en Janneke Spoelstra.
De digitale presintaasje Iisbaan yn ’e maaitiid is in gearwurking fan Hendrik Elings, Baukje Venema, alve Fryske dichters, foarmjouwer Monique Vogelsang, fideomakkers Petra van der Molen en Rob Pieters, Utjouwerij Louise en Tresoar.