Nim dyn eigen laptop mei en kom nei de Stadskas!
WikiWomen, in ynternasjonaal projekt mei yn Fryslân de partners Afûk, Learning Hub Fryslân en Mercator, hat in dûbelde missy: mear froulju én mear minderheidstalen – lykas it Frysk – op Wikipedia.
Ek meiwurkje oan in ynklusivere en mear ferskate online ensyklopedy? Op woansdei 20 novimber fersoargje Wikipedia-eksperts út Ierlân en Baskelân in stoomkursus ‘Wiki-artikelen skriuwe en bewurkje’ yn de Stadskas fan Explore the North op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Spesjaal omtinken giet út nei ferhalen oer minder bekende froulju út it Frysk, Baskysk en Iersk. Dat binne de talen en regio’s dy’t ûnderdiel binne fan it ynternasjonale WikiWomen-projekt.
Fanâlds binne froulju ûnderfertsjintwurdige yn de skiednisboeken, argiven en biblioteken, en dêrtroch bliuwe harren prestaasjes faak ûnderbeljochte. Op Wikipedia – it grutste online platfoarm fan de wrâld – bart op dit stuit itselde. Artikels wurde benammen troch manlju skreaun, óver manlju. Dat moat oars en dat kin oars. Yn de Stadskas sille we dêr ris even goed de skouders ûnder sette.
Neidatst fan de eksperts de fine knypkes fan it Wiki-fak leard hast, folget in saneamde edit-a-thon: mei-inoar skriuwe wy safolle mooglik nije artikels oer ynspirearjende froulju, spesifyk foar publikaasje op de Fryske Wikipedy. In jûn foar elkenien dy’t leare wol oer de krêft fan Wikipedia én wol bydrage oan in ynklusivere, ferskate en Fryske online wrâld!
Oanmelde is net ferplichte, mar meist wol witte litte datst derby bist fia dit formulier: https://forms.gle/92BcBYUPtnrnpSfv8.
Programma Fryske Edit-a-thon: Skriuw de Froulju Yn!
18:30 – Diner
19:30 – Iepening en ynspiraasjesesje: presintaasjes fan trije minder bekende froulju troch fertsjintwurdigers út Ierlân en Fryslân
20:00 – Crash course Wikipedia bewurkje, ûnder begelieding fan Wikipedia-eksperts
20:15 – Sels oan ‘e gong: Wikipedia-artikels skriuwe en bewurkje
22:00 – Ein