Mei û.o. de presintaasje fan de blomlêzing Do draachst de leafde oan mei rôze literatuer út Fryslân, yn Tresoar.

Ta gelegenheid fan Roze zaterdag is wurke oan in rôze blomlêzing út ’e literatuer fan Fryslân. De blomlêzing kin mei it rike ferskaat in bydrage leverje oan akseptaasje, dokumintaasje, emansipaasje, ferdivedaasje, identifikaasje en represintaasje fan en foar rôs libben yn Fryslân. De redaksje fan de rôze blomlêzing bestiet út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra.

De publikaasje Do draachst de leafde oan befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet der yn de blomlêzing net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.

Presintaasje op Rôze Sneon

De bondel wurdt sneon 16 oktober om 14.00 oere presintearre by Tresoar yn Ljouwert. By de presintaasje wurdt Janneke Spoelstra ynterviewd oer de tastânkomming en drage Roel Slofstra en Joël Hut foar út de bondel.
Jelle Krol, dy ‘t it inisjatyf foar de bondel naam, oerlanget it earste eksimplaar oan Sipke Jan Bousema. Muzyk is der fan Minke Soolsma; de presintaasje is yn hannen fan Doeke Sijens. Wa ‘t sneon 16 oktober oanwêzich wêze wol, kin him mei in mail oanmelde by Tresoar.
In befêstigingsmail en in coronatagongsbewiis binne betingsten foar tagong. De bondel is tidens de presintaasje te keap. Dizze is dêrnei oan te skaffen yn de Afûk-winkel en – webshop.

Nei de webside →