Fan 25 oant en mei 31 jannewaris is it wer Poëzieweek yn Nederlân en Flaanderen! It tema is dit jier ‘Thús’.

Der wurde in protte aktiviteiten organisearre, dichters komme op skoallen, der is edukatyf materiaal beskikber en lêzers krije by besteging fan 12,50 oan poëzij it Poëziegeschenk fan Edward van de Vendel kado, de bondel Kom nog even naar mij kijken straks.

Guon aktiviteiten yn Fryslân:

to. 25 jannewaris 20:00-21:30 oere
Tresoar, Ljouwert
Skriuw yn it moanlikse Skriuwerskafee dyn eigen rap mei KUÒ

fo. 26 jannewaris 20:00 oere
Ferron, It Hearrenfean
Ensafh Grutte Gedichtejûn

ti. 30 jannewaris 20:00 oere (ynrin fan 19:30 oere ôf)
Westerkerk, Ljouwert
Presintaasje nije stedsdichter gemeente Ljouwert

Benijd nei alle aktiviteiten yn Fryslân yn de Poëzieweek? Sjoch op www.poezieweek.com/activiteiten en sykje op ‘Fryslân’.

Organisearrest ek in aktiviteit?

Organisearrest ek in poëzij-aktiviteit yn Fryslân yn de Poëzieweek? Meld dyn aktiviteit dan oan op www.poezieweek.com/activiteiten en neam ‘Fryslân’ yn de tekst.



Nei de webside →