De Utrecht presintearret yn gearwurking mei de Skriuwersfakskoalle in talige literêre nacht, as ûnderdiel fan de Museumnacht Fryslân. Jonge talinten fan de Fryske tak fan de Skriuwersfakskoalle komme in jûn achter harren skriuwtafel wei om strieljende fragminten út harren literêre wurk oan it publyk foar te dragen yn it Jugendstilynterieur fan wat ea in kantoar foar libbensfersekerings wie. In miks fan sjenres, wêrûnder proaza, poëzy en toaniel, dwarrelje as in ljochtsjende dûns dyn earen yn.

Twa kabinetten mei fragile potleadtekeningen en naturalia fan byldzjend keunstner Lolkje van der Kooi foarmje it lânskip dêr’t de Fryske en Nederlânsktalige foardrachten yn plakfine. De kabinetten binne ûnderdiel fan de tentoanstelling Het Bij Kantoor, te sjen oant en mei 16 novimber.

Sneon 28 septimber 2024
19.00 – 23.00 oere (foardracht alle oeren om 19.00, 20.00, 21.00 en 22.00 oere)
De Utrecht, Twabaksmerk 48, Ljouwert
Entree: €3,50

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de Skriuwersfakskoalle

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de Museumnacht Fryslân