Net allinne Fedde Schurer stie terjochte op 16 novimber 1951, mar ek de Fryske identiteit. In proses oer de posysje fan it Frysk yn de rjochtseal dat útrûn op in histoaryske oproer.

Santich jier letter is Kneppelfreed oanlieding oar in bysûndere foarstelling. Yn in regy fan Sjoeke-Marije Wallendal en ûnder artistike lieding fan Jos Thie spilet in topcast, mei ûnder oaren Joke Tjalsma en Ali Zijlstra, in tekst fan Bouke Oldenhof.

De foarstelling hat de foarm fan in bysûndere rjochtsaak en fiert de taskôger troch de tiid by trije rjochtsaken oer de taal lâns. It giet dêryn net allinne om it Frysk, mar ek om diversiteit yn it algemien. It pleit fan mr. Abel Herzberg út 1951 is prikkeljend aktueel.

Kneppelfreed is in koproduksje fan De Harmonie en Pier21. De foarstelling is krekt as de histoaryske rjochtsaken sawol Frysk- as Nederlânsktalich.

Fan 29 oktober oant 28 novimber 2021 spilet Kneppelfreed yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert.

Nei de webside →