Op 8 maaie is TIID, it befrijingskonsert mei Quatuor pour la fin du temps fan komponist Olivier Messiaen en De tiid, it duorjen, gedichten fan Aggie van der Meer, online te sjen en te hearen as livestream.

Messiaen skreau syn komposysje as kriichsfinzene yn Dútslân, Van der Meer is al jierren aktyf yn de fredesbeweging yn Fryslân en krige yn 2019 de Gysbert Japicxpriis.

‘Der sil gjin tiid mear wêze.’ It ‘no’ is it einleaze momint, dat is tiidleas, net te mjitten en frij. In konsert oer frijheid fan de minsklike geast. Tiid is in produksje fan stichting UP Uitzonderlijke Producties.

Fioele – Ingrid van Dingstee
Klarinet – Pierre Lafaye
Tsjello – Corien Kok
Piano – Pauli Yap
Sprekstim – Thijs Feenstra